De erfenis fan Jacob Klaver (diel 1)
Doe’t de heit fan de oerpakesizzer begjin dit jier ferstoar kaam der guod foar it ljocht dat makke wie troch Jacob Klaver. It materiaal bestiet út ambachtlik houtsnijwurk fan in mear dan gewoane kwaliteit. Jacob Klaver syn heit wie timmerman yn Winsum en dat berop hat hy sels yn syn begjinjierren ek útoefene. Yn de jierren tachtich fan de njoggentjinde ieu waard er postkantoarhâlder yn Mantgum. It houtfykjen en nifeljen mei guts en beitel hat er blykber nea ferleard. In oantal bewarre bleaune meubelstikken en foarwerpen stjûge dêr fan. Wy ha dy erfstikken fotogravearre en sa as oantinken oan Jacob Klaver festlein. Op de foto dy’t hjirby stiet, sjogge jim ien fan dy stikjes hûsflyt. It is in kistje dêr’t de eigner no wat jern en oar naaiguod yn bewarret. Mar op de binnenkant fan it deksel stean de inisjalen J.K. en de datum 28-6-1922. Op dy datum waard Janna Klaver, in dochter fan de keatskening, 25 jier en it sil dêrom grif in jierdeisgeskink fan har heit west ha. Foar it besjen fan mear foto’s fan it houtsnijwurk fan jacob Klaver ferwiis ik nei: http://picasaweb.google.com/jellea/ErfenisJacobklaver#
Geplaatst op 14 June 2010